Pykje Fjouwer
Tik tik tik. Tik tik tik...
Trije aaien yn it skriezenêst binne al út. Mar it pykje yn it fjirde aai kin de dop net stikken krije.
Dêrom wurdt Pykje Fjouwer samar troch syn famylje achterlitten. Fuortdaalk komt er yn de problemen. Gelokkich nimt Kealtsje him mei nei de pleats fan Yfke. Dêr fielt Pykje Fjouwer him al gau thús tusken de oare bisten. Mar as it jier ferstrykt, begjint it by him te kribeljen. Pykje Fjouwer wol fleane. Hiel fier. Miskien wol nei Afrika. Dat fynt Kealtsje net sa'n goed idee. Want sil er syn skriezefreontsje oait noch wol werom sjen?
Pykje Fjouwer is in oade oan it Fryske lânskip. Yn it boek binne greidefûgels, buorkerijbisten, blommen, krûden en ynsekten te finen. Achteryn steane ek noch nijsgjirrige feiten oer de skries: Kening fan 'e Greide. Foar alle bern dy't fan de natuer hâlde en der nóch mear oer witte wolle.
ISBN: 978 94 9217 645 5
Priis: € 13,50
Utjouwerij: Afûk
Dit boek is ek yn it Hollânsk te krijen
as Kuikentje Vier
|