De huodsjes fan Mata-Hari
Mata-Hari, de eksoatyske dûnseres en spionne dy't yn 1917 troch de Frânsen fusillearre waard, wie by har libben al wrâldferneamd. Tsjintwurdich, krekt hûndert jier nei har dea, is de ynteresse foar dizze bysûndere frou allinnich noch mar grutter. Hoe kin dat? Wa wie sy no eins?
Yn dit ryk yllustrearre boek fertelle de huodsjes fan Mata-Hari mei-inoar it libbensferhaal fan harren eigeneresse. Breidswale tinkt werom oan de jonge breid dy't mei in âldere offisier troude. Reishuodsje wit noch hoe't se mei him nei Nederlânsk-Ynje ferhuze en bern krige. Stripperswan fertelt hoe't se furoare makke as eksoatysk dûnseres en Steek-mei-kûgelgat makke mei hoe't se op fertinking fan spionaazje deasketten waard. En dan is Bernehuodsje der noch. Sy fertelt oer lytse Greetje dy't as in prinseske opgroeide yn in huodde- en pettewinkel op de Kelders yn Ljouwert.
ISBN: 978 949 2052 377
Priis: € 14,95
Utjouwerij: Wijdemeer/Boeken fan Fryslân.
It boek is ek te krijen yn in Nederlânsktalige oersetting as De hoedjes van Mata-Hari.
|