Wolken fan Wol It is orakeldei yn Delphi. In lange rigel minsken stiet te wachtsjen foar de Apollotimpel om de god ried te freegjen of tank te sizzen. Cornix, in deawurge skierroek dy't eins in betsjoende prinsesse is, lânet op de holle fan in hardersjonge. Om't se hiel lang wachtsje moatte oant se oan bar binne, begjint Cornix ferhalen te fertellen oan de jonge. Yn dy ferhalen witte de minsken kear op kear de lilkens fan de goaden oer har ôf te roppen. Se wurde op allerhande wizen omtovere yn bisten of sels planten. Mar de goaden ha likegoed sa har problemen.... ISBN: 90.561.5032.4 |