Ridder Jet Jet skopt om har hinne, Der driget rûnom gefaar yn it ryk fan prinses Jet. Der rinne boeven om, en ek noch in fjoerspuiende draak. Dêrom ûntsnapt se - oan in lange sjaal - út de toer dêr't se opsletten sit. Alderearst giet se achter twa dieven oan dy't in beurs stellen ha. Gelokkich kriget se help út ûnferwachte hoeke... Ridder Jet is in diel út de Sweltsje-rige foar begjinnende lêzers, skreaun op nivo AVI -Frysk E3. |